Sneon 8 November, Sterke Froulju mei: “Dus… … hy sûpte…”


In tragikomyske ienakter fan Anja Steegstra

Hilarysk, absurd, konfrontearjend en sjokkearjend; mar ek tagonklik, boartlik en minsklik. Mei oare wurden, tige werkenber toaniel’. Dat stjit yn de resinsjes oer dit stik.

Sterke Froulju spylje stikken mei in ûnderlaach. Stikken wêr’t je it iene momint om laitsje, en it oare momint set it je oan it tinken. It stik: ‘Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net sjoen. Der wurdt in reuny op tou setten yn it stamkafee fan harren berteplak.

Wêr begjinne je nei fiifentweintich jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier útinoar groeid? En wie de freonskip wol sa hecht? En dy iene grap of weddenskip…hoe rûn dat of, wat wie dêr mei? It wie mar in grapke, dus….

De yntreepriis is € 7,50 mar dêr sit al in kopke kofje of in kopke tee by yn….
Om 20.00 oere yn de Bidler yn Wergea.