Freedtemidje 26 april fanôf 17.30 oere yn de Bidler
1988 – 2013, 25 jier Kulturele Kommisje Wergea?
It is it jier 1988. In pracht jier. Jan Ykema wint sulver op de Olympyske Spelen yn Calgory. En Yvonne van Gennip in hiele protte goud. ‘Kobus gaat naar Appelscha’ spilet yn’ e jeugdsoos, fratsen en grollen by de fleet, mei in útferkochte seal. Bar de Smidse is wat minder populêr en allinne yn it wykein iepen. De Damrakkers binne noch wol folop oan it damjen. Klaas Koopmans stjit grif oan kop. Sybren vd Vlugt nimt ôfskied van de JH Nieuwoldskualle en it Nederlânske alftal wurd Europeesk kampioen. En de froulju-toulûkersploech fan Tearns-Wergea winne de 520 kg klasse yn it Sweedske Malmo.
Wat in jier, dit 1988. Mar al dizze saken lykje bysûnder mar falle yn it neat by in histoarysk barren sa rûn april fan datselde jier. Doe stutsen John Bamboe, Annemieke Schuurman en Piet Kloosterman de koppen byinoar om ris wat mear reuring en aktiviteiten yn de Bidler te krijen. En sa waard yn it juny nummer fan de Havensbank Jelle Buising ‘s BIG Band oankundige.
Dat is no 25 jier lyn. En der moatte we mei syn allen fansels by stilstean. No ja stilstean, ek wy wolle in konsert mei in grut matinee gehalte. Mei de Two Towers Collection en gastoptredens fan ferskate gastsjongers en sjongeressen. It sil in spetterjend optreden wurde. Freedtemidje 26 april fan 17.30 oere oant in oer as njoggen yn de Bidler.
Dus op nei de Bidler allegearre. De tagong is gratis en der wurdt soargje foar in flaubyt. Lyk as doe stjit der in molkbus yn de hoeke fan de seal. Want it stjit jimme fansels frij om in temjittekomming yn de kosten te dwaan.
Net stinne, mar hinne.