Jimmy Costello

Theo Smedes yn teatermonolooch Jimmy Costello.
Freed 12 february om 20.00 oere yn de Bidler Wergea.

 Yn 2016 giet Theo Smedes (bekend fan De Emigrant) solo yn de foarstelling Jimmy Costello, in ferhaal dat him ôfspilet yn Nij-Seelân yn de jierren ’50. Jimmy is in autodief dy’t syn karriêre ûnskuldich begjint mei it stellen fan molkejild, mar troch syn lettere dieden meardere kearen yn ‘e finzenis belânet én ûntsnapt. Hy wit dêrmei dagen oant wiken út de hannen fan de plysje te bliuwen en kriget dêrtroch de sympaty fan it folk, mar just troch syn heldestatus stiet him úteinlik in swiere straf te wachtsjen.

Jimmy-Costello_LR

Jimmy Costello is in Frysktalige teatermonolooch dy’t oarspronklik skreaun is troch de Nij-Seelânse skriuwer Tim Balme en basearre is op wiere feiten. Yn dizze foarstelling nimt de betsjutting fan frijheid en it ûntflechtsjen fan ferantwurdlikens in sintraal plak yn. Hoe fier kin immen gean yn it nimmen fan frijheden en hoe reagearret it kollektyf hjirop?


Kaarten te bestellen op:
www.kulturelekommisjewergea.nl
Tillefoannummer 058- 2552342 (Jitze)
Kosten € 14,00 (ynklusyf in konsumpsje)
Oant sjen.

De Kulturele Kommisje Wergea