Sa no en dan kinst it hearre. Oan it ein fan de simmer, âs de hjerst ynfalt. Dat lûd, dat mysteriisk lûd. Hast do it al ris heard?
Kulturele Haadstêd hat west. Mei de prachtige foarstelling Tusken Twa Tourren, hat Wergea wer in grut publyk sjen litten wat it doarp allegear yn hûs hat. Sa’n artistyk, kreatyf talint yn kombinaasje mei in soart wille. En boppedat wat gearwurking yn de mienskip in doarp bringt. Ek al wie 2018 yn Fryslân it jier fan Kulturele Haadstêd, foar Wergea stopt it dêr fansels net. Op’e nei bin der kreative ideeën foar it fertellen fan in ferhaal en inisjatyf om it meiinoar te dwaan. Stifting Iepenloftspul Wergea sil yn gearwurking mei de Kulturele Kommisje Wergea, in artistyk team ûnder lieding fan Janneke Bergsma en fansels in grut tal freiwillichers healwei septimber it stik ‘It lûd fan de mar’ bringe. In nijssjirrich stik, oer in legende fan eartiids. Of hat de legende ùs noch altiid yn de besnijing? Hâld de Havensbank en oare publikaasjes yn de gaten foar mear ynformaasje. Want dat lûd, dat mysteriisk lûd…dêr moast dochs meer fan witte!