Iepenloftspul ‘It lûd fan de mar’

It ferhaal
Alle jierren wer barde it mei it oantikjen fan de hjerst. Meastentiids wie it de earste stoarmeftige dei dat it om de mar hinne begûn te spûkjen. De wyn raasde om de pleatsen. It wetter stie heech. En te midden fan de stoarm, wie dêr dat mystearyske lûd. It lûd fan de mar, dat gjinien thúsbringe koe. En alle jierren op ‘e nij wie der de moarns nei de stoarm in húshâlding yn ‘e rou.

‘It lûd fan de mar’ nimt it publyk letterlik mei yn in leginde fan eartiids. Of hat de leginde ús noch altyd yn de besnijing?

Wannear?
De premjêre fan it iepenloftspul ‘It lûd fan de mar’ is op 14 septimber. De oare foarstellingsdata binne op 15, 17, 18, 20, 21, 24, 25, 27 en 28 septimber. Alle foarstellingen begjinne om 20.00 oere yn De Bidler en dêr is ek de ein fan de foarstelling.

Foarferkeap
Op 17 juny fynt fan 19.00 – 20.00 oere de foarferkeap fan tagongskaarten plak yn De Bidler. In tagongskaart, ynklusyf kofje/tee en in konsumpsje nei ôfrin, kostet 18 euro. Nei 17 juny komme de kaarten yn de online ferkeap. 
Mear witte oer ‘It lûd fan de mar’? Besjoch de webside www.itludfandemar.nl.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It lûd fan de mar

Sa no en dan kinst it hearre. Oan it ein fan de simmer, âs de hjerst ynfalt. Dat lûd, dat mysteriisk lûd. Hast do it al ris heard?

Kulturele Haadstêd hat west. Mei de prachtige foarstelling Tusken Twa Tourren, hat Wergea wer in grut publyk sjen litten wat it doarp allegear yn hûs hat. Sa’n artistyk, kreatyf talint yn kombinaasje  mei in soart wille. En boppedat wat gearwurking yn de mienskip in doarp bringt. Ek al wie 2018 yn Fryslân it jier fan Kulturele Haadstêd, foar Wergea stopt it dêr fansels net. Op’e nei bin der kreative ideeën foar it fertellen fan in ferhaal en inisjatyf om it meiinoar te dwaan. Stifting Iepenloftspul Wergea sil yn gearwurking mei de Kulturele Kommisje Wergea, in artistyk team ûnder lieding fan Janneke Bergsma en fansels in grut tal freiwillichers healwei septimber it stik ‘It lûd fan de mar’ bringe. In nijssjirrich stik, oer in legende fan eartiids. Of hat de legende ùs noch altiid yn de besnijing? Hâld de Havensbank en oare publikaasjes yn de gaten foar mear ynformaasje. Want dat lûd, dat mysteriisk lûd…dêr moast dochs meer fan witte!